Trije ‘dinkjes’

Us MP sûnder misje tinkt dat er de oarloch winne sil troch allerhanne hieltyd idioatere wurden te brûken: geschokt, idioten, tuig, en al sa mear. Ik kin him sa wol fertelle dat dat hielendal neat jout. Ha de oplossing ek net daliks foarhannen mar sûnder ien op ien in relaasje te lizzen liket it my wol helder dat it ôfskaffen fan kultuer en sport foar jeugd en oaren yn alle gefallen net helpt.

Us mem is nammers ek ‘geschokt’. Se hat sûnt in wike as trije in gehoarapparaat en dat kring kreake en pipe oan alle einen en kanten. Tiid om nei de eareman dus. Dêr wie ik net by. Mar de skok moat ferskuorrende grut west ha want de man koe op de kompjûter presys sjen oft ús mem dat ding wol kreas en neffens foarskrift alle dagen yn hân hie. No is ús mem nochal tsjerksk en dus mei se net flokke. Hie se dat al mocht dan hie dat yn de hiele provinsje te hearren west, safolle haw ik der wol fan begrepen.

En se sit noch earne oer yn. Oft it bar jild aanst ôfskaft wurdt dan wit se echt net mear hoe’t it fierder moat. De wrâld stekt sa njonkelytsen op in wize yninoar dat de helte fan it minskdom it net mear neikomme kin. Letterlik.

Want se hie ek in monteur by de kachel foar it jierlikse ûnderhâld. Hoegde fierder neat oan dien te wurden mar sa’n man sit opskipe mei in ûnmooglike plenning fan de baas. En yn dy plenning sit gjin romte foar in kop kofje. Mar dy hat er al hân.

It stiet der net al te bêst foar mei de man. Hy sliept hiele nachten net. Dat komt, hy hat in pear bern. Ien dêrfan is in famke, begjin tweintich. Se leart foar juf. Dêr is, sa’t wy allegearre witte, och sa’n ferlet fan. Gouden takomst dus.

As it net sa wie dat se net bespuite wurde kin om’t se medisinen brûkt tsjin epilepsy.

Us mem is 86, dit binne mar trije ‘dinkjes’ yn in goed wike tiid. Soene jo gfd alles net byinoar flokke?

Published
Categorized as Bloch

1 comment

Comments are closed.