De museummoard

De iene boekpresintaasje is de oare net. Guon witte jo net in soad mear fan, oaren sille jo foar ‘t neist noait wer ferjitte. Sa’nent hie ik hjoed. Op It Hearrenfean.

It Hearrenfean en ik, dat akkordearret net rjocht. De foarige kear dat ik dêr wie siet ik yn in hiel ferkearde seal fan Thialf, dat wie by de presintaasje fan De Tredde Perioade. Hjoed moast ik yn Belvédère wêze. En omdat ik gjin Tom-Tom ha hie ik dat efkes besjoen op de side fan it museum sels. Oan de ein fan ien strjitte wie in grut parkearterrein. Dat gong fierder prima, ik wie moai op ‘e tiid mar doe’t ik de saak ris beseach like it my fier genôch rinnen. Oar paad sykje dus. Ik wie al sawat hielendal op ‘e oare kant fan Oranjewâld doe’t ik in pear folderrinners mar ris hifke ha hoe tichterby dat museum te kommen. Dat koe net fan dy kant, seine se. Werom dus. Dêr wie in frou. Dy sei dat it de oare kant om wol slagje kinne moatte soe. Nei trije dearinnende diken ha ik de moed opjûn en bin mar werom gien nei dat parkearplak. Wy moatte goed yn beweging bliuwe, sizze de gelearden. Dat sil sa wêze, ik wie bliid dat ik der wie. En ek noch op ‘e tiid.

De jildende foarskriften yn acht nommen siet de seal bomfol. Ek in tal bekenden, dat is meast wol noflik, oft de ferkearden teminsten net neist jo sitten geane. Dat diene se ek net. Koe ek net want de tafel wie fol.

Ferdinand (de Jong) hold in fraachpetear mei Fedde (Dijkstra). Dat is sa njonkelytsen in ferneamde Fries yn ferbân mei de tolkerij. Ik ken him al folle langer yn in hiel oare funksje mar dat is fierder net fan belang. Hy werkende my wol, dat is mei guon wolris oars oft se neat mear oan jo fertsjinje kinne.

It tolken is fan grut belang en tagelyk frij skandalich. Dat hat er sa net sein, om misferstannen foar te kommen. Dy ofsieren en rjochters soene fansels gewoan sels Frysk ferstean kinne moatte. Jild woe Fedde it net oer ha mar dat binne wy al oan ‘e weet kommen. Se wurde de minút betelle. En aardich minder as de winterskilder. Wylst taal fansels, seker yn dy situaasje, sawat it wichtichst is dat jo betinke kinne. No ja, lit fierder mar.

En wêrom wie Fedde dêr? Omdat Ferdinand dus in krimy skreaun hat. Of, sa’t opmurken waard, Frysk Swart. Neffens Sietske Poepjes dy’t ek noch in moai besteklik wurdsje hie tige geskikt as hekstek foar de sosjals.

Dizze krimy – De museummoard – is it begjin fan in rige. Dat hat Ferdinand ús tasein, dus dêr hâlde wy him oan. Dat sil wol net elk like moai fine. Ut tige betroubere boarne haw ik nammentlik begrepen dat lju dy’t yn de alderheechste advysorganen oangeande literatuer sitte, fine dat Ferdinand net skriuwe kin. Oft jo dan witte dat dyselden sels net fierder kommen binne as in soarte fan proefskrift dat yn boekfoarm útkommen is wylst de útjouwer eins fan miening wie dat it in slims ûnfolslein en net sekuer wurkje wie mar jo sa’n nij ljocht leafst net kwyt wol, dan freegje ik my ôf wêr’t wy no hielendal mei oan de gong binne.

Dat is dus it slach folk dat mear hat mei Frânske nepreuzen as mei it iepenloftspul fan Jorwert.Dy’t dus ek fine dat alles wat ek mar in bytsje oars as Shakespeare is én Frysk, neat mar dan ek neat wêze kin. Dy’t ek skite op de Fryske muzykkultuer om’t rûnom en altyd in fioele en in dwersfluit by moatte. Oars draaie Mozart en Beethoven harren yn it grêf om. Tinke se.

Mar Cambuur en SC Heerenveen binne neat sûnder VV-Ingelum en VV-Peazens Moddergat. En Tryater soe ek neat wêze sûnder in bloeiende toanielwrâld.

Sietske Poepjes hat dat leau ik allegearre wol aardich foar it snotsje mar dy hiele rim-ram subsydzjehaffelders binne folslein fan de wrâld los.

Is it in goed boek? Dat wit ik net, ik moat it noch lêze. En ik bin dy muzykresinsint fan de LC net dy’t dingen opskriuwe kin sûnder der sels by west te hawwen.

Dat ik dizze presintaasje nea wer ferjitte sil, sit him lykwols yn it sturtsje. Nei dat hiele ein weromrinnen nei de auto wachte in grutte ferrassing. It is net sa’n hiele moderne auto dy’t it iene nei it oare alarm ôfgean lit. It iennichste alarm wat der dan noch oerbliuwt is dat der hielendal gjin lûd mear komt. Oft jo de lampen barne litten hawwe.

Doe hat Ferdinand der heechspersoanlik efkes mei de booster oer gear west. Bin ik jubeljonkje Hugo dochs moai in slach foar.

Published
Categorized as Bloch