De museummoarn – resinsje

Der komt net sa’n moai Sinteklazegedicht fan myn hân. Neffens Grapperhaus is dat eins al ferplichte mar ik hie dat net oan tiid want ik moast in boek lêze. Dêr hie ik eins twa dagen foar útlutsen mar doe’t ik om in oere as acht op ‘e klok seach tocht ik dat ik it ek daliks wol útlêze koe.

Mei ‘De museummoard’ hat Ferdinand de Jong wer in prachtich stik wurk ôflevere. It lêst dus as in trein. De struktuer is net hiel yngewikkeld, wol wurde jo wat yn de tiid hinne en wer smiten. Oan alles is te fernimmen dat it yn dizze tiid skreaun is, âldfrinzich taalgebrûk sit der net yn, de maatskippijkrityk dy’t der trochhinne skimeret is hiel werkenber (en moat ik smaaklik om laitsje).

Geandewei it lêzen ha ik al efkes behoarlik lilk west doe’t ik der efter kaam hoe’t dy Italjaanske maffia eins yninoar stekt en hokker gefolgen dat hat.

Jo binne fan begjin oan de ein ta nijsgjirrich hoe’t ien en oar yninoar sit al witte jo ferdealde goed dat dy moard hjir hielendal net west hat. En dat is op ien as d’oare manier dochs oars as dat jo in bûtenlânske krimy lêze mei plakken en gebrûken dêr’t jo totaal gjin weet fan hawwe.

It ferhaal spilet him ôfwikseljend ôf yn Itaalje en Fryslân. De ein is luguber.

Ik bin ien skriuwflater tsjinkommen en gjin hoerejonges, wezen en widdo’s wêr’t ik mar mei sizze wol dat der oan it boek as boek ek in soad omtinken jûn is.

Hiel geskikt foar ûnder de krystbeam want Sinteklaas is al hast wer fuort.

Published
Categorized as Bloch