Krimineel opstel

En dêr siet de fjouwerkaart justerjûn let al by Sven Kokkelpraat te orakeljen. Wat te fier útelkoar om inoar de kont útslikje te kinnen, oars hiene se dat dien. Ik tink dat Amalia dat ferbean hat want dy hat fansels sjoen dat gâns it folk ôfrûne snein, yn- oan- en opinoar siet wylst sy allinnich in pear partytintsjes bûtendoar hie te stean. Dat it famke hat alle rjocht dizze fjouwer kriminelen ris efkes in spegel foar te hâlden.

Foar in goed begryp moatte wy fansels earst witte hoe’t wy op dit punt oankommen binne. Dat komt, achte Nederlanners, omdat it no demisjonêre kabinet in substansjeel part fan it folk mei mear as kriminele aksjes it libben folslein ûnmooglik makke hat. Doe’t se foar it snotsje krigen dat de Twadde Keamer dat wolris net sa aardich fine kinne soe, binne se opstapt. Dat om foar te kommen dat se fuortstjoerd wurde soene en se har dus sels noch in fear yn ‘e broek stekke koene mei it sizzen dat se harren ferantwurdlikheid nommen hawwe.

Dêrnei hat Nederlân stimd. Dêr hat út bliken dien dat in mearderheid fan it folk it allegearre hielendal net sa slim fynt.

Doe binne alle seilen byset om krityske keamerleden de bek te binen. It soe de diktatueren Sina en Ruslân net misstean.

Wylst dy hiele sesje krekt goed en wol geande wie, wie der in fotograaf mei in stikkene kamera dy’t dus op it ferkearde plak skerp stelde.

Doe sei de demisjonêre premier dat wat der op dy foto stie net wier wie. It fiskwiif 2.0 woe ha dat de wegen doe skiede soene, de foaroanman fan de Kristen Uny sei justjes dêrnei dat it bibelske gebod ‘jo sille net lige’ wol sa swier waacht dat it sa net fierder koe.

En doe? Doe siet Nederlân dus mei in ligende demisjonêre premier dy’t allinnich it kristenhûntsje Wopke noch op skoat hie.

Mar doe. Doe die bliken dat de Kristen Uny ynienen hielendal net kristlik mear is en dat it fiskwiif 2.0 gjin fiskwiif mar in kameleon is (“ik ben een ander mens”).

Fjouwerisom ha se no in krimineel opstel skreaun. Yn faktermen wurdt dat oantsjut as ‘koalysje-akkoart’.

En oars as myn gewoante haw ik dat net lêzen. Der binne grinzen oan it ynkassearingsfermogen fan in minske en dy fan my binne se al hiel lang fier oerhinne.

Mar ik ha begrepen dat de rjochtsteat yn eare wersteld wurde sil. Konkreet skynt dat yn te hâlden dat jonkjes en famkes fan in jier as 13-14 har mar klearmeitsje kinne, oars komt de matteklopper foar it ljocht. Se meie dus net dwaan wat dizze fjouwer kriminelen al dogge. Dat hat noch noait sa wurke, dat kin ik garandearje.

Fierder docht út it misdiedige proaza bliken dat der slompen fergees jild is. Fergees jild bestiet net, dat hat noait bestien en sil noait bestean. Mar de mearderheid fan Nederlân fynt it prachtich want it giet nei klimaat.

Nee, it giet net nei klimaat, it giet streekrjocht nei de grutte jonges. En de pleatslike bakker, zzp-er, fee- en bouboer moatte dat letter fia ús werombetelje. It kriminele haad sil letter sizze dat it opskreaun is yn Sinteklazetiid en dat it nayf is om yn dy man te leauwen.

Oh ja, partikulieren kinne faaks subsydzje krije om it hûs te isolearjen, oft it in bytsje meiwierje wol wol sa’n 90% fan de totale kosten. Dy lêste pear luzige euro’s moatte se dan sels betelje. Klinkt prachtich. Mar oft jo elke moanne al ien euro te min hawwe falle jo bûten de boat. Mei oare wurden: kinne jo in jier lang € 100,00 de moanne misse dan krije jo in euro as € 10.000,00 subsydzje en besparje jo by de klippen op, kinne jo dat net dan krije jo neat. Dat hat mei solidariteit, kristendom en oare healwize beneamings hielendal neat te krijen.

Der is ek in knoarre jild foar ûnderwiis. Want de jongerein hat nochal wat efterstân oprûn en is dus sa dom as oalje wurden. Dat fynt alles en elkenien. Is net wier fansels, se ha in pear lessen mist en dus kollektyf wat minder leard as foarhinne. Dat makket har net dom, yn alle gefallen net dommer as de fjouwer kriminelen. En dat jild bedarret by bylesbedriuwkes, masters en jufen moatte yn de systemen fansels tige sekuer byhâlde hokker byles wat kostet, oan wa’t dy jûn wurdt en wat de effekten dêr wol net fan binne. Bern hawwe der hielendal neat oan, dy wurde allinnich noch mar mear yndruid dat it domme eksimpels binne.

Dan is der ek noch wat mei in trein. Dat is in omfolkingstrein. Dat wurd skine wy net brûke te meien. Dat is dan jammer, ik doch it al. Wy hoege hjir gjin trein dy’t it lêste stikje ‘natoer’ om it hoekje helpt en hjir allerhanne folk delskyt dat alle sosjale struktueren op ‘e harsens set. Dy trein is net bedoeld om hjir wurkgelegenheid te bringen, dy trein is bedoeld om de rotsoai út de rest fan it lân te fersprieden. Wa’t tinkt dat in Ternaarder fan in jier as 23 dy’t wurk yn Dokkum hat wat oan in hûs oan de Lelyline hat, hat op sa’n skoalle sitten dy’t dit misdiedige kwartet foar eagen hat.

Wie der oars ek noch wat?

Oh ja, de soarch. De soarch kin ôfboud wurde no’t it dúdlik de bedoeling is dat elk dy’t net meikomme kin sa gau mooglik dea giet. Want wy geane gewoan troch mei de ymport fan sykten. Skiphol sil foar’t neist fan sa’n 600.000 nei mooglik wol 400.000 flechten jiers krimpe, dan kin Lelystêd groeie nei in miljard as wat. By Lelystêd om is gelokkich gjin âlde natoer en lânbougrûn. It wie earst see, dat sadwaande. See is gjin natoer, see is wetter. No ja, hjir en dêr mei in kontener.

No, sa sawat.

Ferline wike freed hie ik in jierdeifeestje. Yn in hiel gewoane húskeamer. Der wiene in man as tweintich. Ien fan fier boppe de tachtich, aardich wat fyftigers en sechstigers, wat tritigers en in nust ûnder de tsien. Sa gesellich as wat. En ik fiel my net skuldich. Al lang net mear.

Published
Categorized as Bloch

2 comments

  1. Alles goed en wol, mar minsken ut in oar part fan us lân as “rotsoai” te betitelen? Dat fyn ik der fier by troch. Wat soene jo sizze as de minsken yn bygelyks Amsterdam, de Friezen dy’t der hinne tein binne, ek sa betitelje soene? ” Dy rotsoai ut Fryslân hoege wy hjir net”. Net prate oer rotsoai asjeblyft, lit dat mar oer oan rjochtse roeptoeters as Wilders en Baudet. Dy roppe en raze my al lud genoch!

  2. Oft jo foar ‘rotsoai’ allinnich ‘minsken’ lêze, dan ha jo in punt. Mar it is wat breder as dat en ik soe tinke dat dat út de kontekst ek bliken docht. It hjir op in bultsje út de grûn stampen fan tûzenen wenten is bedoeld om de húsfestings’rotsoai’ út de rest fan it lân foar in part op te lossen. It draacht sa goed as neat by oan it oplossen fan it wenteprobleem yn Fryslân. En it is dêrby bedoeld as legitimaasje om dy trein ride te litten. Of oarsom: troch de trein ride te litten hat jo in argumint om bulten huzen te bouwen. Ofsjoen fan dat alles kostet it miljarden en nochris miljarden. En hjir ride al treinen.

Comments are closed.