Dat ha jo soms

Der is soms net in soad foar nedich om de steat fan in lân oan te tsjutten. Sa wie der juster yn in kwisprogramma nimmen fan de kandidaten dy’t wist hoefolle oeren in skiep hat. Yn Fryslân soe dat noch wolris justjes slimmer wêze kinne want oft jo dy freegje wat it meartal fan skiep is dan krije jo de aldernuverste antwurden. In greep: “Skyp, skiepkes, skapen, skiepen, skjippen” en al sa mear.

It opwoutere healsliten kabinet kin net útrekkenje dat 220.000/10.000 gjin 50.000 is. It nije rekkenwiif sit fansels ek thús mei korona. Korona is de oarsaak fan sa goed as alles. Sels sit ik no op dei tsien fan de ynkubaasjetiid, de heale famylje sit ûnderwilens ferplicht thús mar ik tink dat jo korona hiel goed fan jo ôfhâlde kinne mei sigrettereek. Minsken komme dan net al te deun op jo. Ik ha dan ek werklik hielendal nearne lêst fan wylst ik dochs trije oeren presys tusken twa positivelingen yn sitten ha. Bin net bespuite, net test en ek út noch yn net fan doel doelleas yn ‘e hûs te bliuwen. Ik fyn it dan ek in grouwélich skandaal dat winkels yn Sint Anne en Stiens dêr’t trochstrings net mear as trije klanten tagelyk binne net gewoan iepen meie. No kinne jo yn Sint Anne bygelyks in pastas ophelje en de brut dy’t jo net oanstiet dan wer werombringe. Dan komme jo dus twa kear by dy winkel wylst jo der oars ien kear komme. Bespotliker liket my sa goed as ûnmooglik.

In lân yn dy steat, dêr kinne allinnich gekken wenje.

En dat allegearre om’t wy út noch yn net deagean meie. Want dea is net bêst. Nee, dat is ek sa. Mar it is wol frij normaal. Net fansels oft jo troch in klaphammer út de tiid reitsje of yn ‘e grêft bedarje mar dat binne ûngemakken dy’t jo al min ferbiede kinne. Foar it oare moat der alles oan dien wurde om it libben der yn te hâlden, hoe healwiis dat ek wêze sil. Ta myn grutte ferbjustering wie it hiele omsittend laach justerjûn yn de praatsjo dan ek tige op ‘t snjit mei it ymplantearjen fan bargeherten yn minsken. Lêsten hawwe se ek alris in nier fan sa’n bist oan ien hongen, it ding skynde te wurkjen as in tierelier. Dan is it libben fansels wer in feest.

Ik kin der net folle feestliks oan gewaarwurde want yn in lân fol gekken duorret it grif net lang dat se bern mei it Downsydroom de harsens fan in dolfyn aanst taskikke. Dat mei no in dwaas idee lykje mar foar gekken is it dat net fansels. Want dy tinke yn kânsen. Dy hawwe it dan ek net oer embryofokkerij mar oer it op kweek setten fan embryos. Mar embryos binne gjin planten mar primaten. En primaten kweke jo net, planten al. En in baarch is in baarch en gjin minske. Dy moatte jo net trochinoar grieme.

Wurden dogge der ta, sei it jubeljonkje in dei as wat lyn. En it giet nochal need hjir en dêr. It jonkje hie him ek ôffreegje kinnen oft syn eigen wurden al dat trelit net feroarsaakje. En dat syn amtsgenoat Anky mei de Broek Oan de saak ek belazere hat. Dat minsken dêr de hel fan yn krije. Fan dy wurden. Fan dy wurden dy’t net brûkt wurde mochten hiene om saken der troch jasse te kinnen.

No, allegearre noch mar in normaal 2022 tawinske. Myn betrouwen is net hiel grut dat it kin eins allinnich mar tafalle.

NS: Wopke hat mei Amearika belle. Ik ha alris mei Kanada belle. Nei in âld-omke. Ik moast wat witte oer ús oerbeppe en ús pake wie al stoarn. Dat ha jo soms.

Published
Categorized as Bloch

Leave a comment

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *