It fak fan de sjoernalist

Oft út ûndersyk bliken docht dat sawol yn absolute tallen as persintueel mear Limboargers as Friezen yn in flaai smoare en foargoed út ‘e tiid reitsje dan skriuwe sjoernalisten dat op. De kop kin dan wurde “Flaaien libbensbedriigjend foar Limboargers”. Dyselde sjoernalist skriuwt net op dat der sawol yn absolute tallen as persintueel besjoen mear Friezen binne dy’t yn in stik oranjekoeke smoare en foargoed út ‘e tiid reitsje as Limboargers. Want dat is op dat stuit net ûndersocht en dus komt dat net op harren digyskermkes foarby.

Mei kij ha jo wat soartgelikens. In ko dy’t yn België is produsearret nochal wat minder gassen as in ko yn Fryslân. As sjoernalist soe ik dan witte wolle hoe’t dat kin. Krijt dy ko yn België mooglik patat mei majo en gleonmakke nútsjesmoar en dy yn Fryslân seane ierdappels? Moatte jo dy Belgyske ko net ris in jier yn Fryslân delsette om nei te gean oft er dan noch hieltyd minder gas loslit? Binne de ûndersiken yn beide kriten troch deselde minsken dien? Ha se deselde data brûkt? My tocht dat sjoernalisten der foar binne om dat helder te krijen. Mar neat fan dat alles.

Belgyske bern fan 12-17 skine ek hiel oars yninoar te stekken as Nederlânske. Belgyske bern moatte boosters hawwe, Nederlânske net. Hoe kin dat? Der wie al sa’n bernedokter dy’t sei dat Nederlânske bern likefolle rjochten hawwe as Belgyske en dus ek sa’n booster hawwe moatte om op fakânsje te kinnen. In feestprik dus. It klinkt wakker sosjaal, dyselde rjochten. Ik soe as sjoernalist dan freegje oft dat mooglik op oare mêden ek jilde kin. Der binne bygelyks nochal wat bern dy’t it lidmaatskip fan hokker feriening dan ek mar net betelje kinne. Wol de bernedokter syn ljocht dêr ek ris oer skine litte en dat oan de sjoernalisten trochjaan?

Yn Marokko wie in ûnk yn in put. In sjoernalist hie fan hearren en sizzen dat sokke putten wol 60 meter djip wêze kinne. Dan skriuwt dy sjoernalist op dat dy put 60 meter djip is. Oare sjoernalisten – en dy fan de tige renomearre NOS foarop – skriuwe dat der mar leafst 3 helpferlieners yn de put ôfsakke binne mar konstatearre hawwe dat se net fierder koene. Wer in oaren hat opfongen dat der in wat skrale jonge fan in jier as trettjin oanbean hat nei ûnderen te gean. Mar wy witte net wa’t dy jonge is. It slachtofer hat soerstof en wetter krigen. Mar hat er dat ek ta him nommen? Oft er dat dien hat wie er mooglik ek yn steat te kommunisearjen. Gjin fragen fan sjoernalisten. Allinnich spekulaasjes oer libben en dea en foarderings al of net. Ek noait in rektifikaasje. Lykas doe yn Thailân dêr’t de NOS it prestearde ús leauwe te litten dat der in datanetwurk oanlein wie nei de slachtoffers sadat se kommunisearje koene. Wie net wier. It wie besocht mar falykant mislearre.

Allegearre frij ûnskuldige saken oant no ta. Dat wie dat filmke fan de dochter fan nei’t ik mien in Saûdyske diplomaat yn ferbân mei de oarloch yn Irak net. De Amerikanen hiene har nei de toanielskoalle stjoerd.

Der is no wer in filmke. Dat kaam earjuster hiel efkes foarby. Mar sjoernalisten dûke der net boppe=op. Se skriuwe gewoan oer wat der op harren skermkes foarby komt. En dat is dat wy Russen en Sinezen nea fertrouwe kinne en it leafst hate moatte. Se skriuwe ús al al streekrjocht in oarloch yn.

En dat it RIVM ús steefêst op ‘e hichte hâldt fan de oprûne efterstân wat it tal positive koroanmeldings oanbelanget bite se ek net op. Oant earjuster wie dat oprûn oant 186.000. Hjoed is it ynienen 317.000. Gjin fragen fan sjoernalisten. Wakker drok mei Sineeske en Russyske spionnen op Linkedin. Want de haat sil en moat oanboaze wurde. Dat skynt hjoeddedei it fak fan de sjoernalist te wêzen.

Dat is in stik gefaarliker as yn in flaai of in stik oranjekoeke om te haffeljen.

Published
Categorized as Bloch