Oarloch, in hiele aardichheid

“Dronken wêze is neat oan, mar de wei der hinne is sa skoan”

Boppesteande útspraak sil de goederjouske blanke westerling him wol net yn werkenne. Want hoewol’t it him oan sa goed as neat ûntbrekt liket elke foarm fan selskennis, hoe beskieden ek, folslein ôfwêzich. Dat meie jo lykwols net beneame want dan pleatse se jo yn it ‘kamp Baudet’ of se tinke dat jo lid binne fan it PR-apparaat fan Vladimir. Ik seach ek al in berjocht dat jo mei sokke útspraken al fouter binne as dat fout yn WO2 wie.

Myn Sineeske maat YaXuan hie syn jierdei juster, krekt as ik.Wy skele mar 42 jier dus dat is goed oer te sljochtsjen. Hy hat in solo-optreden dien fan goed twa oeren mar omdat de goederjouske blanke westerling fansels gjin Sinees ferstean kin doch ik mar gjin link. Hy hat dy twa oeren lang, it lêste kertier mei de oare bandleden, oars neat dien as wille meitsje, jo wurde der fleurich fan. Mar dat mei ek net want Sinezen moatte wy ek hate.

Hoewol’t Sjoerd Sjoerdsma fan D66 seit dat wy it Russyske folk net hate mar it rezjym al. Dat is moai mar dan moat D66 my mar ris útlizze hoe’t it komt dat ik dochs al desennialang it idee ha dat de haat tsjin Russen en Sinezen ús yndruid wurden is. En de lêste dekade is dêr de boerehaat noch by kommen. D66 en oare partijen kinne no wol wakker ûntkenne dat se tige smûk oan dy stamtafel sitte te sûpen mar oft jo bern thús bybringe dat iten út ‘e keuken komt en kofje fan de branderij dan binne jo dus dwaande boerehaat oan te boazjen.

En de ekspânsjedrift fan de goederjouske blanke westerling krûpt har by elke slok oan dy stamtafel yn ‘e kroech djipper yn it bloed. Dat kinne jo wol ûntkenne oft jo dronken binne mar dan is it te let. It hat kwea bloed set. Dat is net goed te praten mar de eigen rol hoe dan ek te ûntkennen tekenet de arrogante kwasten dy’t úthâlde dat in dongbult stjonkt yn stee fan rûkt mear as.

En oft se dan sa dronken as in kroade binne dan wurdt sa’n oarloch echt n hiele aardichheid oft jo net better witte soene. Boike Mark begjint ach en weeërjend te orakeljen dat Oekraïners famylje fan ús binne.

O ja? Dus, foar Friezen binne Grinslanners mear famylje as Limboargers? Omdat Grinslân tichterby is? Wat is dat foar ûnsinnich praat?

70 folslein ûnskuldige Irakezen dy’t fan ús deasketten binne en harren neibesteanden binne gjin famylje? Omdat se der justjes oars útsjogger? Fierder fuort wenje?

Sinezen hearre der ek net by omdat se de eagen wat oars yn ‘e holle hawwe?

It liket der suver op dat it boike de goederjouske blanke westerling as in soarte fan Arysk ras besjocht dat oer alle boegen en altyd better is as alle oaren.

Wat Poetin docht is fansels net goed te praten mar yn ‘e kearn fan de saak hielendal neat oars as wat it boike yn Nederlân mei Grinslanners en taslachdupearren docht. En mar laitsje.

En hoe sit it eins mei Katalanen, Skotten en Friezen? No ja, dy lêsten prate it leafst Ingelsk dat dêr hoege wy ús fierder net drok oer te meitsjen. Oft se lykwols tinke dat se mei dy hâlding Oekraïners helpe kinne soene dan hawwe se it mis. Wa’t net foar himsels stiet kin dat ek net foar in oar.

Mar gau oan de drank en swetse en sweare yn in frjemde taal. En foaral op it boike en de oare partijen út it brede maatskiplik midden stimme. Sûnder jo ôf te freegjen hokker falske sekreten dat binne. En fan dy gefolgen ek gjin idee hawwe hoe’t it eins kin dat in hieltyd grutter part fan it folk streekrjocht nei partijen as PVV en FvD dreaun wurdt. Dy lêsten binne krekt Russen en Sinezen: it is net sa dat dy allegearre net doge.

It stamtafelfolk dat no as in kroade is, dat is it probleem. En ik tink dat se har op dit stuit ta de teannen út fermeitsje.

Published
Categorized as Bloch