Nederlân leaut net mear

Nederlân is net langer in leauwich lân. Dat is ûndersocht want wy ûndersykje alles hjir. Allerhande ûndersiken smite wol allegearre oare resultaten op, mar hawar.

Se ûndersykje no ek oft it Jehova’s strafrjochtlik ferbean wurde kin langer oan ‘útsluting’ te dwaan oft jo de noarmen en wearden fan dy mienskip net mear ûnderskriuwe. Mei dy útsluting wurde jo net allinnich deaswijd mar se dogge ek krekt as ha jo der nea west en besteane jo net mear. Se wolle no dus sjen oft dy praktyk ek strafber steld wurde kin.

Mar wêr bedarje wy oft wy allerhanne foarmen fan leauwen begjinne te ferbieden? Dan hiene wy yn Fryslân fan ‘e wike gâns in probleem hân want it wie hjir krekt as wiene God, Mohammed, Jezus en Allah allegearre tagelyk omkommen. It fasilitearjend bedriuw Oes Omroep, Oes Taal smiet der gâns religieuze teksten yn lykas ‘blommensee’ en ‘fjiltsje’. Ik wit net krekt wat taal dat is mar it sil it midden hâlde tusken Arameesk en Arabysk, Frysk is it yn alle gefallen net, dêr bin ik wis fan. It is dat ik fan ferskate kanten noch wat DM-kes hân ha, oars wie ik dizze wike fan nasjonale rou en djip religieus bewustwêzen tink ik net troch kommen. Mar om sa’n religy op basis fan streamingspatroanen en wantalige ynterpunksje no te ferbieden giet my ek te fier.

Underwilens nimt it libben op oare fronten syn gewoane loop. De politike baaskes dogge in kroegetocht sa’t se noch nea earder belibbe hawwe, de wille spat har út ‘e eagen. Se binne it wakker iens al merk ik al efkes op dat Poalen en Hongarije mooglikheden sjogge om foar har wat ekstra jild te generearjen. Yn dizze omstannichheden moat it net foldwaan oan Europeeske noarmen en wearden no ienkear wol oer te sljochtsjen wêze. Ik wit nammers net krekt wat dy wearden en noarmen binne mar yn Nederlân hâldt dat yn dat jo hiele folksstammen yn de nederklits helpe kinne troch alles byinoar te ligen.

Mar fierder binne se it iens, wy sille fan it Russysk gas ôf. Dat is gjin inkeld probleem want Amearika hat wol gas. Der moatte efkes in pear rubberboatsjes wat opwoutere wurde om dat guod hjir te krijen mar dat is it oer gear kommen mar. Terminaltsje by Grins en klear is Kees. Mocht der ris in seehûn yn it paad lizze dan sette wy dêr in buks op, in seehûn is no ienkear gjin wolf en ek gjin flearmûs. It moaie fan dat Amerikaanske gas is fierder dat it fergees is. Biden hat it teminsten net oer kosten hân.

Dan is der ek noch wat mei flechtlingen. Hjir komme flechtlingen. Dat hat altyd al sa west mar no komme der mear. Mar dizzen binne hiel bysûnder, se kinne multytaske. En dat ha se wol sa aaklike goed yn ‘e macht dat se oars as wy mei it grutste gemak 72 oeren yn in dei tropje. Dat ha de politikelingen al ûndersocht. Dat mochten hjir no 50.000 flechtlingen komme dan binne alle personielstekoarten yn alle dissiplines oplost. Yn ienkear. Fuortendaliks.

En se freegje net in soad. Allinnich iten en drinken. Want it is tydlik.Hoe tydlik wit ik net mar politikelingen witte dat al. Want dy witte altyd prima wat boike Mark mei ‘ruimhartig’ bedoelt.

Ik bin wat realistysker. In pear dagen op in kamping is aardich, in wike as wat yn in hotel giet ek noch wol mar nei in fearnsjier begjinne jo alris te tinken ‘Dit kin sa gjin fyftich jier duorje’. En dan wurde dy flechtlingen krekt sokke gewoane minsken as Nederlanners en Marokkanen en Turken. En politikelingen wurde dan op slach en stuit wer deselde mispunten as dat it altyd al west hawwe.

Published
Categorized as Bloch