Billboards

Us beppe plichte te sizzen: “It is mar goed dat wy alles net witte”. Dat is fansels in wize útspraak want dat binne útspraken fan beppes eins altyd. It is ek de reden dat ik ôfrûne moandei net nei “Tegenlicht” sjoen ha. Yn it foarstikje waard dúdlik dat se ús dêryn nammentlik noch mar wer ris goed ferdútse soene hoe gefaarlik de Sinezen wol net foar ús wurde kinne. En ik hie krekt in hiele ridel fan frou Applebaum oer my hinne hân dat it like my wol efkes moai genôch.

Fansels soe it goed kinne dat Sina yn ‘e takomst – of no faaks al – in liedende rol hat yn de wrâldekonomy. En dat noasket de arrogante goederjouske blanke westerling mar min. Want dy tinkt dat de wrâld sines is. Dat is net sa, de wrâld is uzes meiïnoar. En it soe bêst ris wêze kinne dat de Sinezen no earlik oan bar binne om it justjes better te hawwen as dy westerling. En dat dêrnei de Afrikanen faaks wol oan bar binne, en de Brazilianen. En dêrnei noch in stikmannich oaren.

Dat liket my in hiele ridlike gong fan saken. Want dy westerling hat de heale wrâld sa njonkelytsen útrûpele en mient mar wakker dat alles en elkenien foar him oan it wurk moat. En no’t it hjir en dêr mei de oarloch yn Oekraïne wat knypt wurdt it och sa dúdlik dat dy westerling slim oerlevere is oan fan alles en noch wat dat er sels net hat.

In logyske refleks liket my dan dat dy westerling ris begjint nei te tinken oer hoe’t er foar it oare part fan de wrâld noch fan betsjutting wêze kin. Mar dat docht dy westerling net. Dy begjint te roppen en te balten dat elkenien dy’t ek mar justjes oars yninoar stekt as hysels in slim gefaarlik wêzen is. En hy giet troch mei it yn de file stean, it heale gea te besiedzjen mei folslein natoerfrjemde grûnstoffen (út oare parten fan de wrâld klaud) lykas wynmûnen en sinnepanielen om it der noch mar net oer te hawwen dat er it paad foar de wolf ta dy syn geriif efkes asfaltearret.

Dy grutte westerske ljochten ferdylgje alles op ierde dat noch frucht jaan kin en hawwe nearne euvelmoed yn. No ja, oft der is in folk is dat gjin magnetron hat en in berchgeit tige kundich út ‘e tiid helpe dan fine se dat wakker wreed en barbaarsk. Dy westerling, dat bedoarne kring mei syn ferwaarme swimbadsje yn ‘e tún, raast moard en brân as der ris in ierdappel boppe de grûn komt om’t dat de biodiversiteit skea dwaan soe.

No “Tegenlicht”, dat witte wy no wol. Kom yn aksje tsjin dat folk. Jim soene op syn minst wat billboards by de asfaltearre wolvepaadsjes pleatse kinne. Der binne leau ik wol wat Fryske skriuwers dy’t dêr teksten foar betinke kinne. En oft jim se goed ûnder skot hâlde dan dogge se dat wol yn it Hollânsk. Dan kinne Sinezen it ek lêze.

Published
Categorized as Bloch