De bûsdoek fan Koerhuis

Koerhuis fan de VVD. Ik hie noch nea fan de man heard en him ek net earder sjoen. Dat is nuver want hy sit al fiif jier yn de Twadde Keamer.

Mar juster wie er ynienen fol yn byld. De man like finaal út ‘e liken, krekt as hie er de alvestêdetocht krûpendewei folbrocht sûnder ek mar ienkear in hap iten of in slok drinken hân te hawwen.

Dat wie lykwols net sa. Nee, hy hie koartlyn in stel út Ljouwert mei in pear bern troffen. Dy gûlden. Want it fleantúch dat se op Skiphol boekt hiene, gong net. En it alderslimste wat in VVD-er oerkomme kin is dat er in potinsjele stimmer treft dy’t stiet te skriemen. Dêrom siet Koerhuis der sa teliderslein by. In skriemende potinsjele klant. Gjin flechtling, gjin bonkerak, nee, in potinsjele klant. Earme VVD-er.

Dat no moat Lelystêd as de bliksem iepen. Want oars moatte der VVD-bûsdoekjes komme foar skriemende potinsjele stimmers en dat kinne se by de VVD net betelje. Fatsoenlik lean foar Skipholpersoniel ek net mar dêr woe Koerhuis it leaver net oer hawwe. It wie gewoan te tryst foar wurden dat dat stel mei dy bern dêr yn in lân as Nederlân stie te skriemen. Neffens Koerhuis.

Dy fleantugen dogge ek oan biobranje. Dat is hiel goed foar it klimaat. En alles wat goed foar it klimaat is fine wy geweldich. Dêrom moat dat stel út Ljouwert mei dy bern ek op syn minst trije kear jiers in loopke op biobranje dwaan.

Ik lies hjoed yn it Deiblêd dat Europa alle dagen wer 15 miljoen bôlen yn biobranje nukt. Omrekkene nei grûnstoffen teminsten. Foar biobranje neame jo dat grûnstoffen. Mar is is gewoan iten. Komt by de boer wei. Alle dagen 15 miljoen bôlen. Dat binne 5475 miljoen bôlen yn it jier. Wat tinkt Koerhuis, hoefolle bonkerakken earne op ‘e wrâld soene jo dêrmei wat fet op ‘e bealch jaan kinne? Dêr ha se mear ferlet fan as fan VVD-bûsdoeken.

Wy ha fan ‘t jier ek wer ris rommelmerk hân. Op keningsdei. Dat gong fierder lykas altyd allegearre sa bêst as wat. Ien ding is lykwols feroare. Nei twa jier dwaze kluchten fan it VVD-regear hat it jongfolk dúdlik wat mist. Se witte gewoan net mear wat in fatsoenlik evenemint sûnder tuskenkomst fan it grutkaptaal is. No wit ik wol dat it net in soad foarstelt op 360 broadsjes hamburger, 960 fleskes bier en fiif elektrike hantsjettels kofje, mar wy ha wol fiif of seis kear de fraach hân om te pinnen. Dêrmei hat de oerlevering fan it jongfolk oan de bank en dus de VVD syn beslach no dus foargoed krigen. Dat Koerhuis kin de bûsdoek wol yn ‘e bûse hâlde.

Published
Categorized as Bloch