De wrâld yn in nutedop

Paramaribo strûpt ûnder, yn Pakistan sitte se yn in ûne fan boppe de fyftich graden. Mar de arrogante goederjouske blanke westerske KLM fleant mei lege fleantugen op en del nei witwêrsanne. Omdat Skiphol te min slaven ynkocht hat. Dat is de wrâld sawat yn in nutedop.

Deputearre Poepjes rint har it fjoer út ‘e sloffen om it Frysk hjir en dêr op it aljemint te krijen, skoallen krije it lesmateriaal al fergees. Tagelyk set Omrop Fryslân alle seinen op grien om op de koartst mooglike termyn fan it skreaune Frysk ôf te kommen. Jo hearre der gjin djipfries oer want dy ha op ‘t heden in min sin om’t de polityk besunigje wol.

Definsje wol in radar pleatse yn Herwijnen om’t it oarloch yn Oekraïne is. Jo moatte hoopje dat dy oarloch net al te lang mear duorret mar de radar kin oer fjouwer jier al yn bedriuw. It oantugen fan mear JSF’s hoecht net foar ekstra lûdsoerlêst te soargjen seit datselde definsje. Nee, dat is sa, oft se net fleane binne se sa stil as in mûs. Ik ha net útrekkene hoefolle weet jo foar 5 miljard ferparte kinne en ik bin ek net fan doel dat te dwaan.

De deputearre fan de treintsjeboel set mar wakker troch. Dêr meie wy net altefolle fan sizze want beskate wurden binne tsjintwurdich ferbean. Lit ik it der mar op hâlde dat se it jubeljonkje och sa skewiele wol mei de húsfesting fan ekonomyske flechtlingen út ‘e rânestêd. Ik miende oars dat der frij brede konsensus wie oangeande ekonomyske flechtlingen mar dat sil ik wol wer mis ha.

It is op syn minst wat betiizjend allegearre. Dat is ek sa mei it betrouwen. Der hat in tiid west dat jo nettsjinsteande de aldergrutste mieningsferskillen noch wol tegearre in byfstik ite koene. Mar no is it al sa fier dat de measten gjin bek mear op it stik fleis dat Mark Rutte hjit sette wol. Dat is yn- en yntryst neffens it mislik stik fretten sels.

Moai sa trochgean. Rûgje it Frysk út, romje de boeren op. Meitsje der ien grutte enerzjyplantaazje fan mei hjir en dêr in slaafke dat in soarte fan Amerikaansk praat. En diken. Mear diken. Foaral diken dêr’t jo mei de fyts net op meie want dan soene jo sa om de files hinne avensearje kinne.

Súkses mei alle krewearjen. Yn ‘e tuskentiid hâld ik de Sinezen wol wat yn ‘e gaten. Dy sette ienkear yn de safolle tiid wat hichtepunten op in rychje. Mochten se oanjaan dat se fan doel binne mear steeën te besetten as allinnich mines dan lit ik dat witte. Dan kinne jim kûgeltsjeboel hamsterje. Made in America. En blessed by God.

Published
Categorized as Bloch