Leaver juster as hjoed

Ik ha dat debat juster sjoen. Soks doch ik net faak want se brûke in hiel soad wurden om neat te sizzen. De measte fragen komt ek nei de fjirde kear gjin andert op. De beäntwurding fan de premier en de minister ha ik net ôfwachte want doe wie ik oan bier ta en as ik oan bier ta bin is it hast hast tiid om út ‘e wei en dy tiden kinne net oanpast wurde.

It wie in prachtich debat, ik kin net oars sizze. Politisy dy’t har sels yn de slachtofferrol pleatse. Dat mei fansels mar it binne deselde politisy dy’t hûnderten bern ûntfierd hawwe, tûzenen huzen yn Grinslân nei de bliksem holpen hawwe en de winkels op it plattelân ticht smieten om’t de kloaten by in winkel allinnich oan in bijekoer tinke.

En it binne deselde politisy dy’t tastien hawwe dat dat allegearre gewoan trochgean koe ek nei’t sa dúdlik as wat wie dat de premier alles byinoar lycht dat byinoar te ligen is en dat dan ‘ferkearde oantinkens’ neame mei.

Dy politisy steane no in hiele jûn te eameljen oer demokratsy en rjochtsteat en miene wakker dat se sels yn gefaar binne wylst se de ôfrûne jierren oars neat dien ha as moardzje en ferniele. Ik ha der gjin begrutsjen mei. Nul, nada.

Ik mei fansels net oproppe om de boeren yn alles te stypjen. Dat doch ik dan ek mar net. It hert seit lykwols hiel wat oars as it ferstân.

En wêrom mei dat eins net? De NAVO hat ús krekt nochris witte litten dat de Russen – alle Russen – duvels binne en dat de Sinezen dy kant ek aardich útskarrelje. En dat wy dwaan moatte wat Erdogan seit. No ja, dat ha se net sein, ha se ek mar amper yn ‘e gaten, mar dat is de feitlike situaasje.

En dat mei allegearre wol? En dat mei ek gewoan sein wurde?

Om my falle al dy polityk korrekte politisy dea del. Leaver juster as hjoed.

Published
Categorized as Bloch