Kulturele haadstêd

Dêr hoech ik net in hiel soad oer te skriuwen want dat dogge oaren al. Te finen fia www.ensfh.nl.

Mar ik ha al oanstriid om der in pear eangstige tinzen oan ta te foegjen. Sa hat de deputearre no al konstatearre dat de hiele saak finaal mislearje sil. Want sa seit se (dat is gjin letterlik sitaat) dat it allinnich slagje sil as de Friezen it wolle. Dêrmei seit se tagelyk dat as it mislearret dat ‘de Friezen’ harren eigen skuld is.

Mar sa sit it fansels net. As yn it oanbegjin ferkeard folk frege wurdt om plannen op te setten – en dat moat dochs myn beskieden ynskatting wêze – dan kin der gjin oare konklúzje mooglik wêze as dat de Friezen sommearre wurd fan boppe-ôf opleine plannen te stypjen ek al hawwe se dêr hielendal neat mei. No kin ik net foar elke Fries prate mar it liket my sa ta dat dat no krekt wat is dat Friezen net wolle.

Fierder bin ik benaud dat dit hiele sirkus aanst brûkt wurde sil om der op te wizen wat ‘wy’ allegear wol net yn kultuer en Frysk stutsen ha. No ja, sa’t ek ûngefear yn in reaksje by Huub Mous stiet: dat folk is efkes fan de dyk. Dat is dan ek it iennichst positive dat ik der yn sjoch.

Published
Categorized as Bloch

1 comment

  1. Pingback: www.ensafh.nl

Comments are closed.