Meteropnimmer

Fan ’e moarn iere betiid spaande meteropnimmer hjir om. Hy wie op ’e fyts. Dat fûn ik wol hiel bysûnder. Der moat besunige wurde by Essent. Spitigernôch slagget dat it folkje dizze loop by my efkes net. Ik ha efkes in pear jier dat kaartsje net opstjoerd en dan dogge se dêr op kantoar mar wat.

Neffens de man mei mjitapparatuer is de meter weromrûn neffens de lêste stân fan saken. Dat is dan dus de stân fan saken neffens de kantoarlju. En stannen fan saken op kantoaren strike mar komselden mei de werklikheid.

De meterman wie der oars goed op klear. It wie net oars as soe er nei de moanne of sa. Oan syn pak te sjen teminsten. En wat er yn it ear hie wit ik net. It like my in USB-stick ta. Soe er dêrmei mei it kantoar kommunisearje?

Yn alle gefallen: hy hat de saak trije kear besjoen, mei de bûslampe derby. Oft it op kantoar no mar mooglik is om de brot by te stellen. Ik ha der wat noed mei. De measte bedriuwen binne der net hiel goed yn om nei de klant ta te rekkenjen.

This article was written by Daam