Sufferts

Yn Amsterdam is in frommiske oppakt om’t se wat amtnerkes yn funksje útmakke foar ‘sufferts’. De mantsjes fielden har sa bot kwetst dat se ris efkes fiks op harren strepen stean giene. Dat krije jo as jin de wierheid ris efkes ûnder eagen brocht wurdt.

Ea haw ik ris in petear hân mei in hege pyf fan it iene as d’oare bedriuw mei ideële grûnslach. De man wie neffens eigen sizzen op-en-top sosjalist. Doe’t ik him útlei dat ik net it aldermeaste ha mei lju lykas Paul Rosenmöller nei’t bliken die dat dy yn in middeisskoft tûzenen euro’s opstriek beluts syn troanje wat. En doe’t ik him útlei dat ik fan betinken wie dat er wat yn de folchoarder fertize rekke wie waard er dûm. Ik hold him foar dat de folchoarder net wie ‘ideaal-earst-jild-twad’ mar oarsom: ‘earst-jild-dan-ideaal’. Dan hoege jo dus hielendal gjin wurden as ‘suffert’ te brûken om it folkje har wiere aard boppe komme te litten.

Menear Van Praet is it ljochtsjend foarbyld fan sok folk. Dy sil rûnom wol úthâlde dat er yn it foarste plak fan dy o sa nedige soarch direkteur wurden is om’t dy soarch him sa oan it hert giet. Elk praat der fansels skande fan.

Mar grutte sufferts: dit is allegear neat nijs. It bart alle dagen en oeral. Better om jim hinne sjen en de bewegings folgje. Hjir en dêr ris in fertaalslachje meitsje is echt net sa’n poepetoer.

Ik sil efkes ien foar jim dwaan: De GTI hat in oare namme krigen: Goofy of sokssawat. Net in harsens dy’t aanst noch wit wat Goofy allegear by de ein hat mar dêr giet it net om. It giet der om dat de direksje syn keunsten fertoane kin. En dy hat besletten ta in grutte omstikkeraksje foar de bedriuwsauto’s: kosten twa miljoen euro. En it personiel hat de freonlike mar licht twingende fraach krigen om yn wat ferlerne oerkes – dy’t der neffens direksjes altyd binne – sels de âlde stikkers fan de auto te klauwen. Sadat – dat stie net yn it fersyk – de direksje him der op foarstean litte kin dat de hiele operaasje sa sunich mooglik útfierd wurden is. En dêrmei – op termyn – fansels ien as d’oare bonus opstrykt.

De grutste sufferts binne dyjingen dy’t net yn steat binne ditsoarte fertaalslachjes te meitsjen. Dy kinne om my allegear daliks wol oppakt wurde.

Published
Categorized as Bloch