“Dronken wêze is neat oan, mar de wei der hinne is sa skoan” Boppesteande útspraak sil de goederjouske blanke westerling him wol net yn werkenne. Want hoewol’t it him oan sa goed as neat ûntbrekt liket elke foarm fan selskennis, hoe beskieden ek, folslein ôfwêzich. Dat meie jo lykwols net beneame want dan pleatse se… Continue reading Oarloch, in hiele aardichheid
It fak fan de sjoernalist
Oft út ûndersyk bliken docht dat sawol yn absolute tallen as persintueel mear Limboargers as Friezen yn in flaai smoare en foargoed út ‘e tiid reitsje dan skriuwe sjoernalisten dat op. De kop kin dan wurde “Flaaien libbensbedriigjend foar Limboargers”. Dyselde sjoernalist skriuwt net op dat der sawol yn absolute tallen as persintueel besjoen mear… Continue reading It fak fan de sjoernalist
Dat ha jo soms
Der is soms net in soad foar nedich om de steat fan in lân oan te tsjutten. Sa wie der juster yn in kwisprogramma nimmen fan de kandidaten dy’t wist hoefolle oeren in skiep hat. Yn Fryslân soe dat noch wolris justjes slimmer wêze kinne want oft jo dy freegje wat it meartal fan skiep… Continue reading Dat ha jo soms
Krimineel opstel
En dêr siet de fjouwerkaart justerjûn let al by Sven Kokkelpraat te orakeljen. Wat te fier útelkoar om inoar de kont útslikje te kinnen, oars hiene se dat dien. Ik tink dat Amalia dat ferbean hat want dy hat fansels sjoen dat gâns it folk ôfrûne snein, yn- oan- en opinoar siet wylst sy allinnich… Continue reading Krimineel opstel
De museummoarn – resinsje
Der komt net sa’n moai Sinteklazegedicht fan myn hân. Neffens Grapperhaus is dat eins al ferplichte mar ik hie dat net oan tiid want ik moast in boek lêze. Dêr hie ik eins twa dagen foar útlutsen mar doe’t ik om in oere as acht op ‘e klok seach tocht ik dat ik it ek… Continue reading De museummoarn – resinsje
De museummoard
De iene boekpresintaasje is de oare net. Guon witte jo net in soad mear fan, oaren sille jo foar ‘t neist noait wer ferjitte. Sa’nent hie ik hjoed. Op It Hearrenfean. It Hearrenfean en ik, dat akkordearret net rjocht. De foarige kear dat ik dêr wie siet ik yn in hiel ferkearde seal fan Thialf,… Continue reading De museummoard