Spul mei de kardiolooch

Fan ’e moarn iere betiid film sjoen fan myn eigen hert. Live. Wonderbaarlike tastân dêr binnendoar. Suster wie wakker fleurich en soks is altyd in goed teken (hâld ik my sels foar). De kardiolooch hat wat screenshots fan dy filmerij krigen. It wie myn eigen kardiolooch net want dy wie siik en dizze wie ek… Continue reading Spul mei de kardiolooch

Published
Categorized as Bloch

Hjoed gjin bloch

Nee, hjoed slagget it efkes net. Hie al wat mar dêr moast in moaie foto by. En dat wegeret it prochje efkes oan alle einen en kanten. Dat ik moat earst op kursus. Mar dêr is no gjin tiid foar. Oare kear better, sille wy mar sizze. Want dizze jonge giet no te sporten.

Published
Categorized as Bloch

Frjemd gefoel

Nei in healoere bin ik der efter wêr’t it frjemde gefoel wei komt. It doocht hjir net alhiel. En no sjoch dat it ynterieur feroare is. In hiele grutte plant stiet net mear yn it finsterbank, mar op ’e grûn. En der stiet no in skiterich dinkje yn it finsterbank. De rookstuollen steane sadwaande ek… Continue reading Frjemd gefoel

Published
Categorized as Bloch

Holledoekjes

Ik wit net oft ik der sa hiele bliid mei bin dat de Fryske flagge no yn holledoekjes befrissele wurdt. Bin ek suver wat allergysk oan it wurden foar alles dêr’t pompeblêden op sitte. Op himsels is it in aardich inisjatyf om de yntegraasje oer en wer te befoarderjen. Sa besjoen bin ik der ek… Continue reading Holledoekjes

Published
Categorized as Bloch

Strippekaart

As ik it goed begrepen ha kinne wy meikoarten net mear mei de strippekaart reizgje. Nee, wy moatte in tsjipkaart oantuge en dat ding earst oplade. Mar ik ha der hielendal gjin nocht oan allerhande kaartsjes mei tegoeden yn de beurs te hawwen dy’t ik noait brûk. As dizze flauwekul dan al troch gean moat… Continue reading Strippekaart

Published
Categorized as Bloch

Finzen

Libbenslang beselskippe fan wurden dy’t de frijheid nea sjen sille.

Published
Categorized as Bloch