Feest der herkenning

Fong hjoed in aardich petear op tusken wat wurknimmers fan in nochal bot oan de dyk timmerjend bedriuw. As it net sa yn- en yntryst wie, soene jo it in feest der herkenning neame kinne. Se laken allinnich net …

Published
Categorized as Bloch

Hússittend

Studinten binne foar 185,91 yn de moanne hússittend. Stiet yn de krante. En dus is dat sa.

Published
Categorized as Bloch

Pieter de bassis

Op ús ferneamde profesjonele website Omrop Fryslân stiet it heuchlike nijs dat myn omkesizzer in platekontrakt tekene hat. Dat is hartstikkene moai foar de jonge fansels. Wat in bytsje minder is, is dat syn namme der mar heal stiet. Hy hjit nammentlik net Pieter mar Gosse-Pieter. En dat stie wol goed yn it parseberjocht, dames… Continue reading Pieter de bassis

Published
Categorized as Bloch

Alle trije fan Wommels

It ropt al wat fragen by my op. Alle trije priiswinners fan de Junior Rely komme út Wommels. Gjin ferkeard wurd oer Wommelsters fansels, ik leau sels dat ik net ien Wommelster ken. Mar hoe kin soks no? Ik ha de antwurden leau ik wol mar dy hâld ik lekker foar my sels. No ja,… Continue reading Alle trije fan Wommels

Published
Categorized as Bloch

Spul mei de kardiolooch

Fan ’e moarn iere betiid film sjoen fan myn eigen hert. Live. Wonderbaarlike tastân dêr binnendoar. Suster wie wakker fleurich en soks is altyd in goed teken (hâld ik my sels foar). De kardiolooch hat wat screenshots fan dy filmerij krigen. It wie myn eigen kardiolooch net want dy wie siik en dizze wie ek… Continue reading Spul mei de kardiolooch

Published
Categorized as Bloch

Hjoed gjin bloch

Nee, hjoed slagget it efkes net. Hie al wat mar dêr moast in moaie foto by. En dat wegeret it prochje efkes oan alle einen en kanten. Dat ik moat earst op kursus. Mar dêr is no gjin tiid foar. Oare kear better, sille wy mar sizze. Want dizze jonge giet no te sporten.

Published
Categorized as Bloch