Nijsgjirrich

Henk van der Veer syn bloch efkes lêzen. Wol nijsgjirrich.

Published
Categorized as Bloch

Meteropnimmer

Fan ’e moarn iere betiid spaande meteropnimmer hjir om. Hy wie op ’e fyts. Dat fûn ik wol hiel bysûnder. Der moat besunige wurde by Essent. Spitigernôch slagget dat it folkje dizze loop by my efkes net. Ik ha efkes in pear jier dat kaartsje net opstjoerd en dan dogge se dêr op kantoar mar… Continue reading Meteropnimmer

Published
Categorized as Bloch

Kulturele haadstêd

Dêr hoech ik net in hiel soad oer te skriuwen want dat dogge oaren al. Te finen fia www.ensfh.nl. Mar ik ha al oanstriid om der in pear eangstige tinzen oan ta te foegjen. Sa hat de deputearre no al konstatearre dat de hiele saak finaal mislearje sil. Want sa seit se (dat is gjin… Continue reading Kulturele haadstêd

Published
Categorized as Bloch

Earfol ûntslach

It is safier, ús mem hat earfol ûntslach oanfrege. No hie ik har in jiermannich lyn al witte litten dat dat der oan siet te kommen mar doe woe se der út noch yn neat fan witte. Mar no docht bliken dat se mei in oar personielslid konkelfûze hat en kaam se ynienen sels mei… Continue reading Earfol ûntslach

Published
Categorized as Bloch

Wurdboek

Ik tocht lêsten al ‘wêrom bringt dy omkesizzer dat wurdboek nea werom?’ Mar no komt de aap út de mouwe. Menear is oan it bloggen slein. Doe’t er noch in heale puber wie moast er oars net it measte fan it Frysk hawwe. Mar soks kin feroarje, net wier? Dit is bewiis nûmer safolle. Oan… Continue reading Wurdboek

Published
Categorized as Bloch

Spesjalist

Meikoarten sil ik ris efkes in spesjalist – dat sil dan wol op in jongere útdraaie – freegje om wat statistiken te generearjen. Ik ha der nammentlik skjin myn nocht fan alles sels hieltyd út te sykjen. Mar ik wol al graach witte hoe faak myn útspattings lêzen wurde en benammen troch wa. En ik… Continue reading Spesjalist

Published
Categorized as Bloch