Griis gebiet

Wy meie yn ús lân net diskriminearje, dat stiet no ienkear yn de grûnwet. It hat al bliken dien dat it kabinet en in moai grut part fan de opposysje it net nedich fynt har oan dy grûnwet te hâlden oft dat har better útkomt mar dat is ûnderwilens in passearre stasjon en breed akseptearre.… Continue reading Griis gebiet

Published
Categorized as Bloch

Spontane sokken

Der binne op’t heden aardich wat feestlikheden om swier oerbetelle spultsjedoggers hinne. En dan kinne jo as opperfeesbeest Buma fansels net efter bliuwe dat dan stjoere jo wat wjukkelmasines de loft yn. As minsken dat dan alderprachtichst fine dan is it bistje der ynienen wat sneu ûnder. Neffens my ûntbrekt it sokke dieren oan elke… Continue reading Spontane sokken

Published
Categorized as Bloch

Teaterles

Mei de faksinaasjes giet it foar wûnder. Jo moatte de goede minsken der efkes oer gear hawwe mar dan hawwe jo ek wat. Dy ha se no fûn dat no wiene der yn in sucht en in skeet ynienen in lytse miljoen prippen by. By boeren is it al jierren sa dat in fatsoenlike boekhâlding… Continue reading Teaterles

Published
Categorized as Bloch

Politike seks

Oft der in boat is dy’t oerdwers yn in kanaal bedarret wylst dat net past dan ha wy daliks de wrâldistribúsje yn disoarder. Westerlingen tinke nammentlik dat Jeropa de wrâld is, wat op himsels in frij egoïstyske gedachte is. De ferpleatsing fan it folsleine assortimint oan túnameubleminten en seksboarstersguod leit op dat stuit stil en… Continue reading Politike seks

Published
Categorized as Bloch

Demokratyske diktatuer

Der is gjin betrouwen mear yn boike Mark. Oft jo it nijs teminsten leauwe meie. Wy moatte ús lykwols al wat by de feiten hâlde, oars liket it nochal op leugenjen. De feiten binne dat de mearderheid fan it folk – fertsjintwurdige troch Twadde Keamerleden – net fierder kommen is as it liken fan in… Continue reading Demokratyske diktatuer

Published
Categorized as Bloch

Simmerskoalle mei de Jussens

De broerkes Jussen (se binne ûnderwilens in aardich ein yn de tweintich op, dat it ferlytsingswurd wurdt sa njonkelytsen wat nuveraardich) hawwe ferline wike efkes moai koart troch de bocht útlein wat it ferskil is tusken Ruslân en lannen as Nederlân. Yn Ruslân is kultuer in stik fan jo wêzen, by ús is it in… Continue reading Simmerskoalle mei de Jussens

Published
Categorized as Bloch