Us MP sûnder misje tinkt dat er de oarloch winne sil troch allerhanne hieltyd idioatere wurden te brûken: geschokt, idioten, tuig, en al sa mear. Ik kin him sa wol fertelle dat dat hielendal neat jout. Ha de oplossing ek net daliks foarhannen mar sûnder ien op ien in relaasje te lizzen liket it my… Continue reading Trije ‘dinkjes’
Category: Bloch
Haw it firus leaf
Dit wurdt in stikje sûnder nuânses. Dat skynt wakker hip te wêzen en ik mei graach in bytsje mei de tiid meigean. Nederlân polarisearret. Wy ha no dus de bespuiten en de net-bespuiten. Dy lêste groep wurdt troch de gelearden yndield yn twa dielgroepen: swarten en guon dy’t net altefolle oan skoalle dien hawwe. Dat… Continue reading Haw it firus leaf
Mei sokken winne jo de oarloch net
Doe’t ús omke in jier as fiif-seis lyn yn ‘e bernskens rekke en se dy man yn it sikehûs op bêd fêstbûn hiene omdat der net genôch personiel wie om him yn ‘e gaten te hâlden (doe stie it der mei de sûnenssoarch ek al fantastysk foar) is my goed dúdlik wurden wat in oarloch… Continue reading Mei sokken winne jo de oarloch net
Wat in moai sieraad!
De walrus is wer ôfreizge. It moat in skrander bist wêze. Hy sil sjoen hawwe dat er yn in lân bedarre wie dêr’t se tonnen en tonnen spandearre hiene oan útlânske keunst wylst se de eigen keunstners net stean sjen woene. En út klearebare geastlike earmoed no oergien binne op healsliten objekten fan bûtenlanners. In… Continue reading Wat in moai sieraad!
Hoe manage jo de bus?
Fan guon nijsberjochten witte jo net sa goed oft jo se no hilarysk of tryst fine moatte. Hjoed sa’n berjocht yn it Friesch Dagblad. Us lokale wethâlder fynt dat der in ‘feilich paad’ komme moat fan Ingelum nei de bushalte no’t de provinsje besletten hat it sawat folslein opheffen fan it iepenbier ferfier net op… Continue reading Hoe manage jo de bus?
Sineesk spultsje
Yn Sina ha se útfûn dat it foar bern net goed is om hiele dagen online te gamen. Dêrom ha se dêr no betocht dat dat allinnich noch yn it wykein en op feestdagen mei mar net langer as ien oere deis. Dêr spuie wy fansels raar guod fan want dat is in fikse yngreep… Continue reading Sineesk spultsje