Neffens Oebele Brouwer is sa’n fiifentweintich oant fjirtich persint fan de ynwenners fan syn gemeente asosjaal folk. Ik freegje my ôf oft sa’n man wol geskikt is as boargemaster, ik kin my yn alle gefallen gjin inkelde oare gemeente yn Nederlân en faaks yn de hiele wrâld wol net foarstelle dêr’t sokke útspraken akseptearre wurde… Continue reading De boargemaster en de kwast
Category: Bloch
Flaggefertoan fan lullen en huppelkutten
Ik ha fan ‘e wike in ferskuorrend foute grap makke. Der wie nammentlik in skriuwer dy’t wat skreaf oer in flagge en dêr haw ik doe by set dat ik it wol moai typysk Frysk fyn. It liket der nammentlik op dat mei dy flagge allinnich Friezen fan ‘e ferkearde kant wolkom binne op ‘e… Continue reading Flaggefertoan fan lullen en huppelkutten
De bedoarne westerling
Doe’t aids opkaam wie der in moai grut part fan it folk dat har wiismeitsje litten hie dat dat sa besmetlik wie dat jo der al mei oanhelle wurde koene troch immen dy’t it hie in hân te jaan. It hat nochal in hiel o heden west om it folk soks wer út ‘e holle… Continue reading De bedoarne westerling
Pompebledsje net ferjitte
Der is op ‘t heden gâns opskuor oer fan alles en noch wat. Wy binne fansels ek in tige emosjoneel folk as ús dat sa útkomt. Ek wat koart fan memoarje. Dingen kinne yn in pear dagen tiid al wer oerbettere wêze, oaren al binnen in heale ieu. Ek dat is frij koart oft jo… Continue reading Pompebledsje net ferjitte
De PC giet troch!!!
De formaasje is yn in streamfersnelling kommen. Dat is prachtich fansels want foar it gefoel duorret it nochal in hoart allegearre. Mar it is ek net maklik fansels. Gelokkich hawwe se yn it ôfrûne fearnsjier it meast penibele punt goed behoffene: de nije bestjoerskultuer. En de konklúzje is dat alles it bêste bliuwe kin sa’t… Continue reading De PC giet troch!!!
In miljoen wenten?
Earst efkes wat sifers. Dy ha ik by it CBS opfandele, dêr kin elk by. Jo hoege net earst lid te wurden fan in politike partij of in tsjerke of sa, it is gewoan frij tagonklik. Sels sjoernalisten soene dêr ynformaasje opfreegje kinne. Mar dat dogge se leau’k net, de measten komme net fierder as… Continue reading In miljoen wenten?